Darter Mats Gies: "Hoop leard op kwalifikaasjetoernoai"

Yn Ingelân wienen it ôfrûne wykein de UK Open Qualifiers. Neist de Fryske darter Danny Noppert stapte der noch in Fryske darter yn opkomst om: Nopperts trainingsmaat en Omrop-kollega Mats Gies. Hy die foar it earst mei oan it kwalifikaasjetoernoai. "It wykein wie geweldich, it wie in fantastyske erfaring. Mar wat it darten oanbelanget moat der noch wol in skepke boppe-op. Ik koe moai sjen wêr't ik no stean, mar ik ferlies noch op de belangrike mominten. De ûnderfining is moai meinommen," fertelde er yn Muzyk yn Bedriuw. Ek Jouster Danny Noppert ferlear betiid, mar hie gjin geunstich lot.
Der wienen trije toernoaien mei 256 darters fan it bûn PDC. "Ik lei der alle trije dagen yn de earste ronde fuort al út, it wienen wol spannende partijen. Moatst toch oan it nivo wenne. Yn de yngoairomte stie ik neist Van Gerwen en ek Van Barneveld stapt dêr om. Sokke wrâldtoppers makket wol yndruk. Ik koe moai sjen hoe't sokke mannen har tariede op it toernoai, en kin dêr ek wat fan leare."
Takom wykein is der wer sa'n toernoai, dêr giet Mats Gies ek wer hinne. "Ik hoopje op ien of twa goede dagen en dat ik my pleatse kin." De bêste 96 geane troch en dat toernoai is dan ek op telefyzje te sjen, begjin maart.