Ljouwerter ried hat noed oer útsetten Afganen

Nei de ried fan Tytsjerksteradiel keart no ek in grut part fan de gemeenteried fan Ljouwert him tsjin it útsetten fan Afganen nei har eigen lân. Pal GrienLinks yn Ljouwert tsjinnet dêr woansdei in moasje oer yn, dy't stipe wurd troch in mearderheid fan de ried. De partijen fine dat Afganistan op it heden net feilich genôch is om minsken wer hinne te stjoeren. Neffens it ministearje fan Feiligens en Justysje is dat wol sa.
Boargemaster Crone moat de steatssekretaris witte litte dat Ljouwert dêr oars oer tinkt, fynt in riedsmearderheid. Earder kaarte Tytsjerksteradiel de saak ek al oan yn Den Haag. Dy gemeente hat in AZC dêr't Afganen wenje dy't mooglik útset wurde.