Drachtster moat de sel yn foar stellerij

05 feb 2018 - 15:06

In man út Drachten hat fjouwer wiken sel krigen fanwege stellerij. De man en syn freondinne waarden yn oktober yn Ljouwert oanhâlden omdat fan har bekend wie dat se guod stellen hiene. It gie ûnder oare om rûkersguod. De twa seine dat se gjin jild hiene en oan de drugs wiene.

De frou hat har yntusken opnimme litten yn in klinyk. Se krige in wurkstraf fan 20 oeren. De man hat sûnt syn oanhâlding al wer in pear kear guod stellen. Dêr krijt er no sel foar. En omdat er al in selstraf ûnder betingst stean hie, moat er dy no ek útsitte.

Trefwurden: 
rjochter stellerij
(advertinsje)