Jonges fertocht fan ynbraak

Ynbraak © ANP XTRA
Twa jonges fan 14 út Stiens en St. Anne binne oanhâlden op fertinking fan in rige wenningynbraken de ôfrûne moannen. De plysje kaam harren op it spoar nei yngeande surveillânse, omdat der sa'n soad ynbraken wiene yn de omkriten.
De jonges wurde fertocht fan fjouwer ynbraken yn Stiens, ien yn St. Anne en ien yn Grou en besykjen ta ynbraak yn Ljouwert. Se wurde ek fertocht fan bedriging yn de klaaikeamer fan in sportclub yn St. Anne. De jonges hiene it foarsjoen op elektroanika lykas laptops, tillefoans en kamera's. Dy binne noch net weromfûn