Fryske dielnimmers oan de Spelen: Anice Das

05 feb 2018 - 18:30

Oer in lytse wike is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack yn Gangneung. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?​

Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. No it oardiel oer Anice Das.

Namme:                         Anice Das

Wenplak:                        It Hearrenfean

Bertedei:                         31-12-1985

Sport:                              reedriden

Ofstannen:                      500 meter

Olympyske resultaten:    gjin

De kânsen fan Anice Das neffens sportredakteur Koos Wieling:

Kânsen: It is spitich foar de sympatike reedrydster, dy't yn miljoenestêd Bombay (Yndia) berne waard. Kâns op in Olympyske medalje is der lykwols net. Das rydt in goede 500 meter en troch de winst op it OKT op dy ôfstân, hat se har startplak fertsjinne. Omdat de konkurrinsje sa sterk is, sil Das tinke moatte oan de 'âlde' Olympyske gedachte: meidwaan is belangriker as winne.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.​

(advertinsje)