Selstraf foar karateskop by Snitswike

05 feb 2018 - 13:51

In 25-jierrige Ljouwerter moat twa wiken de finzenis yn om't er yn de Snitswike ferline jier in frou mishannele hat. De fertochte wie mei twa Ljouwerter froulju te stappen yn Snits, doe't ien fan harren stroffele yn de buert fan it NS-stasjon. In famke dat hjirom laitsje moast krige in saneamde 'bitch-klap': in klap mei de flakke hân yn it gesicht. Hjirnei hawwe de Ljouwerter froulju it slachtoffer skopt en slein. Doe't it twillingsuske fan it slachtoffer hearde wat der bard wie, woe se ferhaal helje. Tsjûgen sizze dat de man hjirop in oanrin naam, en it famke mei in karateskop tsjin de heup skopte.

De trije fertochten ûntkenne, ien fan de fertochte froulju hie sels oanjefte dien om't sy sei dat krekt sy mishannele wêze soe. Dizze oanjefte is net yn behanneling naam. De rjochter fynt dat de trije allegearre 100 oant 150 euro smertejild oan de suskes betelje moatte.
 

(advertinsje)