Theun Plantinga spilet haadrol yn Fryske Tommy

Theun Plantinga sil de haadrol yn de Fryske ferzje fan de rockopera Tommy spylje. It is it ferhaal fan de legindaryske rockopera fan The Who. De sjonger en akteur fan Feanwâlden spile earder ûnder oare yn de musical Tina. Tommy is in film út 1975 basearre op de rockopera Tommy dy't yn 1969 útbrocht waard troch de Britske rockband The Who.
"Elkenien ken it wol, dus ik fiel mear as oait de ferantwurdlikheid om dit goed te bringen," fertelt Theun Plantinga yn De middei fan Fryslân. "It freget wol wat fan my as sjonger en akteur. Ik bin musicals wend, mar in rockopera is wol wat oars. Dit is 'hardcore' sjongen sis mar." Ek wat aktearjen oanbelanget moat er mear fan himsels jaan. "Ik stean faak yn komeedzjes, dit is mear in dramatysk ferhaal en de emoasjes moatte fan binnenút komme. Ik spylje in autistyske jonge dy't dôf, stom en blyn is. Dat is útdaagjend."
Knalle
Fia regisseur Rieneke de Haan kaam er mei it projekt yn de kunde. "We ha earder mei elkoar wurke, ûnder oare by de krystmusical op It Hearrenfean. Se sei dat se mar ien persoan yn Fryslân koe, dy't dizze rol dwaan kinne soe, en dat bin ik."
Peter Sijbenga makket de Fryske oersetting fan de rockopera. "Hy bewurket it Broadway-skript. Ik ha al wat songteksten heard en dat klinkt te gek. It Frysk leit tichtby it Ingelsk. By de opfiering komt live in grut orkest spyljen." Yn de simmer begjinne de repetysjes. "En dan yn septimber sille we knalle!"
Op 13, 14 en 15 septimber spilet it stik yn de iepenloft yn Park Heremastate op De Jouwer.