Automobiliste swierferwûne

14 jun 2012 - 10:53

In 43-jierrige ynwenster fan Stienwyk is woansdei swierferwûne rekke by in oanriding yn Noardwâlde. De frou botste op de Westvierdeparten op de frachtwein fan in 38-jierrige sjauffeur út Zwolle. Dy besocht noch hurd te remjen, mar koe in oanriding net foarkomme.

De frou moast troch de helptsjinsten út de auto weihelle wurde. Se is mei de traumahelikopter nei it sikehûs fan Grins brocht.

Trefwurden: 
Noardwâlde ferwûne
(advertinsje)