Grutte ferhuzingsoperaasje Skotske heechlanners

05 feb 2018 - 12:37

Mei it frijlitten fan achttjin Skotske heechlanners yn it nije stikje natuer by de Sintrale As, komt dit natuergebiet flak by Feanwâlden yn in nije faze. It stik natuer fan sa'n 280 bunder waard oant no ta mei de hân meand, mar dat sil fan moandei ôf op in folle natuerlikere wize dien wurde. De heechlanners waarden moandeitemoarn ophelle út it Lauwersmargebiet. Dêr rinne sa'n 600, dus se koene wol in pear misse. 

Fiif meiwurkers fan Steatsboskbehear hiene de taak krigen om de heechlanners te fangen. Lokkigernôch wiene de bisten net al te skruten, en duorre it net lang foar't se allegearre op de karre stiene. It like derop dat de bisten net folle muoite hiene mei alle drokte fan de ferhuzing. 

(advertinsje)