Run op ekstra kaarten foar De Stormruiter

05 feb 2018 - 11:56

Der is in run op de ekstra kaarten foar it muzykteäterspektakel De Stormruiter yn it WTC Expo yn Ljouwert, dizze hjerst. De oarspronklike 65.000 kaarten wiene sa gau útferkocht dat der sân ekstra foarstellingen komme. De kaartferkeap dêrfan is moandeitemoarn om alve oere úteinset. Fuort dêrnei wie it smoardrok op de site dêr't minsken kaarten bestelle kinne. Leafhawwers moatte lang wachtsje. Se hawwe somtiden mear as 3.000 minsken yn de wachtrige foar har.


 

Trefwurden: 
Stormruiter kaarten LF2018
(advertinsje)