Sven Kramer toant spierballen op training yn Súd-Koreä

05 feb 2018 - 11:50

Sven Kramer hat by trainingswedstriden op de olympyske reedrydbaan yn Súd-Koreä syn rivaal Ted-Jan Bloemen mei fjouwer sekonden ferslein op de trije kilometer. Bloemen, dy't foar Kanada útkomt, is yn Gangneung de grutste útdager fan de Fries op de 5.000 en 10.000 meter.

Bloemen pakte Kramer yn Salt Lake City, twa moannen lyn, op de 5.000 meter syn lêste yndividuele wrâldrekôr ôf. Yn 2015 naam Bloemen ek al it wrâldrekôr op de 10.000 meter oer fan Kramer.

Yn reaksje dêrop sei Bloemen dat er hielendal net besocht hie Sven oan te fallen. "Ik was met mijn eigen race bezig en wilde mijn techniek op orde krijgen. Dit was een training.''

(advertinsje)