Juf of master hat de gryp; learlingen nei hûs

05 feb 2018 - 12:25

Mear as 850 basisskoalbern sitte moandei thús, omdat juf of master siik is en der gjin ferfanging is. En in goede twatûzen bern ha les mei in oare klasse of ha bygelyks in juf of master foar de klasse te stean dy't al mei pensjoen is. It komt hieltyd mear foar dat skoallen net ien fine kinne om de les oer te nimmen as in learkrêft de gryp krijt.

Yn Fryslân spilet it bygelyks yn Bûtenpost, Damwâld, Ryptsjerk, Dokkum en Snits. Op de Simon Havingaskoalle hoegde groep fjouwer moandei net te kommen, omdat juf Elise siik is. It klasselokaal is leech, op it boerd it programma dat de bern misse: rekkenjen, taal en Ingelsk. "Dat se dat misse moatte, docht my ek sear," seit direkteur Ludwin Hiemstra. "Der is gjin adekwate ynfal mear mooglik. Foarige wike ha we ek al twa groepen nei hûs stjoere moatten. It is noch ûndúdlik hoe't it moarn komt. Foar de ûnderbou ha ik it wol oplosse kinnen, mar de groep dêr't we ferfangers út helje kinne, sitte ek te min minsken yn." Hy kiest derfoar om net sels foar de klasse te stean, in IB-er of ûnderwiis-assistint del te setten. "Ik wol it sinjaal ôfjaan dat it knypt yn it ûnderwiis. Fansels ha we no te krijen mei de gryp, mar der leit in grutter probleem ûnder. Der komme te min jonge minsken by dy't foar dit fak kieze. It is in geweldich fak, je bouwe oan de takomst fan Fryslân."

Neffens him ha de measte âlden wol begryp foar it beslút. Ek mei de staking dy't nije wike pland is, wol er in sinjaal ôfjaan. "We binne oan de ein fan it goed organisearjen fan it ûnderwiis."

Trefwurden: 
basisskoalle gryp
(advertinsje)