Yn takomst 60.000 flechten yn it jier op Lelystad Airport

Lelystad Airport moat fan 2019 ôf de fakânsjeflechten fan Skiphol oernimme © ANP
It oantal flechten op Lelystad Airport giet yn de takomst omheech nei 60.000 yn it jier. Dat skriuwt NRC-Handelsblad moandei. Earder wie útgien fan 45.000 flechten yn it jier, mar it ministearje soe freed yn in oerlis mei in bewennersdelegaasje oanjûn ha dat se rekken hâlde mei in folle heger oantal. It ministearje neamt it berjocht ''ûnsin.''
It fernijde fleanfjild moat yn 2019 yn gebrûk naam wurde. De earste fiif jier binne 10.000 flechten yn it jier tastien. Dêrnei soene it der 45.000 wurde. In diel fan de fleanrûtes giet oer Súd-Fryslân. Bewenners binne bang foar oerlêst. Earder ûntstie in soad ûndúdlikens oer de sifers fan it nije fleanfjild. Guon keamerfraksjes binne dêrom kritysk en ha om útstel fan de iepening frege.