UPDATE: Grutte brân yn wenbuorkerij Elslo, net ien ferwûne

05 feb 2018 - 10:05
  • Grutte brân yn wenbuorkerij Elslo, net ien ferwûne
  • Rutger de Groot fan de brânwacht

De brânwacht is moandeitemoarn manmachtich útriden foar in grutte brân yn in frijsteande pleats mei in reidtek oan de Haadwei yn Elslo. Neffens de brânwacht binne alle minsken út de buorkerij. De brânwacht is mei meardere weinen oanwêzich om it fjoer te blussen.

UPDATE: De boppeferdjipping fan de wenpleats kin nei de fûle brân yn it dak as ferlern beskôge wurde. Dat seit de brânwacht. Dy moast dielen fan it dak fuorthelje om by it fjoer komme te kinnen. By de brân kaam in soad reek frij, mar neffens de brânwacht stie de wyn geunstich en hiene omwenners der gjin lêst fan. Sa't it no liket, is de brân by de skoarstien ûntstien. De bewenners wiene op it momint fan de brân net thús.

Trefwurden: 
brân wenbuorkerij Elslo
(advertinsje)