Ljouwerter frou ferstoppet stellen guod yn bernewein

05 feb 2018 - 10:04

In 29-jierrige frou út Ljouwert is snein oanhâlden foar stellerij, wêrby't se it stellen guod yn de tassen fan de bernewein ferstoppe hie. De frou hie har twa bern by har en hie yn in winkel oan it Cambuurplein foar hast 50 euro oan guod stellen.

Om't se har bern by har hie, hoegde de frou net fuortendaliks mei nei it plysjeburo. Se sil har letter by de plysje melde. It stellen guod is yn beslach naam.

Trefwurden: 
plysje stellerij Ljouwert
(advertinsje)