UPDATE: Identiteit deade persoan yn Ljouwerter wetter bekend

Foto: Anton Kappers

Yn it wetter by de Woelwyk yn it natuergebiet de Griene Stjer by Ljouwert is moandeitemoarn it lichem fan in persoan oantroffen. It giet om in 72-jierrige man sûnder fêst wenplak. De plysje hie de omjouwing ôfset. It ûndersyk jout gjin oanwizingen foar in misdriuw.  It lichem is nei it mortuarium brocht. De omjouwing fan de Woelwyk is wer frij tagonklik.

05 feb 2018 - 9:59
(advertinsje)