FNP: "Belje nei Jobinder moat fergees wurde foar klanten"

05 feb 2018 - 09:14

De steatefraksje fan de FNP fynt dat it foar de klanten fan 'Jobinder' fergees wêze moat om nei it bedriuw te beljen. No betelje klanten fan it WMO- en learlingeferfier yn Noardeast-Fryslân noch 5 eurosint de minút, de FNP wol dat it foar dizze groep klanten hielendal fergees wurdt. It giet neffens de fraksje om in kwetsbere doelgroep. De FNP tinkt dat der foldwaande finansjele romte is om de belkosten ôf te skaffen. Yn de oanbesteging siet in foardiel fan 316.000 euro yn fergelyk mei de eardere begrutting. De kosten foar it Mobiliteitsburo sille troch it útstel fan de FNP 1.000 euro heger wurde.

''Faak binne it minsken mei in beheining, binne se minder mobyl, hawwe se soarch nedich en kinne se harren allinnich net rêde. Yn in protte gefallen binne it al minsken dy't it net sa breed hawwe en dan is elke euro meinommen'', seit wurdfierder Sybren Posthumus.
 

Trefwurden: 
Jobinder FNP
(advertinsje)