Bestjoersleden iisklup Grou gean iisbaan mei seinen te liif

05 feb 2018 - 09:01

In nuveraardich tafriel yn Grou it ôfrûne wykein. No't de waarfoarsizzingen foar it earst dizze winter in koarte perioade fan echte froast sjen litte, begjint it by in soad minsken te kribeljen. Sa ek by de bestjoersleden fan de iisklup fan Grou.

Jentsje Hofstra en Evert Wind seagen dat harren iisbaan lykwols noch net hielendal klear wie foar in eventuele reedrydperioade. It reid yn it wetter fan de iisbaan hat troch it waarmere waar sa goed groeie kind, dat it boppe it wetter útstuts. Wurk oan de winkel dus. Mei twa seinen setten de bestjoersleden útein om de baan net iisfrij, maar reidfrij te krijen. 

(advertinsje)