Unkunde oer koalmonokside noch te grut: nije kampanje

Koalmonokside: in slûpmoardner. Alle jierren komme der lanlik sjoen sa'n alve minsken om it libben troch it ûnsichtbere gas. Nochris 150 minsken bedarje yn it sikehûs nei't se koalmonokside ynazeme hawwe. De brânwacht is dêrom moandei úteinset mei in kampanje om minsken better bewust te meitsjen fan de gefaren fan de stof: 'Stop CO-vergiftiging'. It doel is om de kunde oer symptomen fan koalmonokside grutter te meitsjen.
Symptomen ûnbekend
Minsken werkenne noch hieltyd net de symptomen fan in koalmonoksidefergiftiging. "Koolmonoxide is een serieus probleem, maar krijgt in de samenleving nog steeds onvoldoende aandacht. Als we met elkaar de signalen eerder herkennen en actie ondernemen kunnen gewonden en zelfs doden worden voorkomen", seit René Stumpel, forinsysk dokter. De symptomen fan koalmonoksidefergiftiging binne ûnder oare: pine yn 'e holle, mislikheid, wurgens, dûzelichheid en in hurdere hertslach.
Ek yn nije huzen in risiko
Njonken dat minsken de symptomen faak net werkenne, is der ek noch in soad ûndúdlikens oer de oarsaken fan it gas. Faak wurdt der noch tocht dat koalmonokside benammen in probleem is yn âldere huzen. Mar neffens de brânwacht sit der ek gefaar yn nijbouwenten en kinne nije CV-ynstallaasjes ek gefaarlik wêze.
It boadskip fan de brânwacht yn dizze 'Stop CO-vergiftiging' kampanje is simpel: fentilearje, kontrolearje en alarmearje. Yn de ôfrûne trije moannen binne der al mear as sechstich slachtoffers mei in koalmonoksidefergiftiging yn it sikehûs opnaam.