Natuerjild mooglik nei boeren

14 jun 2012 - 10:31

Boeren mei agrarysk natuerbehear krije nei alle gedachten in part fan it ekstra natuerjild yn it Maitiidsakkoart. Fiif partijen yn de Twadde Keamer hawwe dat akkoart sletten. Yn totaal giet it om 200 miljoen euro lanlik. It giet om boeren bûten de Ekologyske Haadstruktuer.

Yn it eardere natuerakkoart tusken Ryk en provinsjes is regele dat it Ryk ferantwurdlik wurdt foar it measte agraryske natuerbehear yn Fryslân. De provinsje hat no in ynskatting makke fan hoe't de 200 miljoen euro de Fryske natuer helpe kin.

Deputearre Kramer kaam woansdei mei in brief oer de besteging fan de 200 miljoen euro flak foar de behanneling fan it provinsjale natuerbelied.

De Ekologyske Haadstruktuer is in oaniensletten gebiet fan grûnstikken dy't ta natuer makke wurde. It giet faak om grûn dat earder boerelân wie. Der binne ek boeren yn Fryslân dy't oan agrarysk natuerbehear dogge op grûnstikken bûten dy Ekologische Haadstruktuer.

Trefwurden: 
agrarysk natuerbehear
(advertinsje)