Kollum: "Utmolken"

05 feb 2018 - 07:20

"Wat se dêr yn Fryslân kinne, kinne wy hjir yn Den Haach ek. Dat hawwe se fêst tocht doe't bekend waard dat hûnderten lilke boeren út Grinslân ûnderweis wiene mei grutte trekkers nei it Malieveld om te demonstrearjen. Dat soarget fansels foar ferkearshinder en dus waarden de demonstranten tsjinhâlden. Uteinlik mochten se sûnder trekker dan dochs harren ferhaal dwaan by ministers Wiebes en Schouten. En se wiene lilk. Hiel lilk.

Ast de ferhalen hearst oer hoe't it der dêr yn Grinslân oan ta giet mei de ôfhannelings fan de ierdbevingsskea as gefolch fan de gaswinning, dan giet dy it hier rjocht oerein stean. Ferantwurdlike partijen as de NAM, Shell, Exxon en de oerheid draaie de kont der alle kearen wer foar wei. Ja, nee, de skea wurdt betelle. Mar troch wa? De fingerkes wize alle kanten op útsein nei harren sels.

It is skandalich hoe't wy mei Grinslân en har ynwenners omgean. Wy allegearre, trouwens. Want as bekend wurdt dat it oerskeakeljen fan in hûs mei gas nei in hûs sûnder gas ús 18.000 euro kostet, dan binne der net folle minsken mear dy't begrutsjen hawwe mei Grinslân. Want 18.000 euro, dat hawwe wy sa ien twa trije net yn in laadsje lizzen. En boppedat witte wy wol leukere dingen om te dwaan mei dat jild, dus tsja, dan toch mar gewoan fierder op gas.

Fansels, it rekket ús wol; dy emosjonele ferhalen fan minsken yn Grinslân dy't net mear yn harren hûs doarre te sliepen om't de boel op ynstoarten stiet. Dy't yn in karavan op it eigen hiem wenje yn ôfwachting fan hoe't it no komt. Dy't alle dagen wer konfrontearre wurde mei it feit dat harren hiele takomst ôfhinget fan wat grutte multinasjonals dwaan sille. Skande. Floep. En dan dogge we de tillefyzje wer út en gean we wer gewoan fierder mei ús libben. Wy allegearre. Ik ek.

Wat dat oanbelanget hawwe wy mear begrutsjen mei bisten as mei minsken. Ofrûne wike kaam ik in berjocht tsjin oer ko Hermien. It bist ûntsnapte in pear wike lyn doe't se nei it slachthûs brocht wurde soe. Sûnt dy tiid libbet se yn de bosken by Lettele, in doarpke yn de gemeente Deventer. In feearts en jager besochten Hermien te fangen, mar dat slagge net. Stadichoan krige de ko in heldestatus. It waard sels sa slim dat de Partij voor de Dieren úteinsette mei in ynsammelaksje om Hermien te rêden fan de slacht.

Yn ien wike tiid smiet dy aksje mar leafst 48.000 euro op. 48.000 euro foar in ko. Mei it jild kin Hermien no aanst nei in 'koeienrusthuis'. Mar as se der sels oan ta is. "Hermien is nu nog erg gestresst", lei Ester Ouwehand fan de Partij voor de Dieren út. "Voorlopig krijgt ze nog rust en over een aantal weken zal ze worden gevangen met behulp van andere koeien."

Fol ferbjustering lies ik it berjocht. Dúdlik libje wy yn Nederlân mear mei in gestresste ko mei, as mei Grinslanners dy't fol stress sitte fanwege dy bevings en wat har oandien wurdt. In begrutlike ko smyt yn in wike tiid 48.000 euro op. In lilke boer yn Den Haach gjin sint. Sterker noch: der is gjin kop dy't it ek mar yn de holle krijt om in crowdfundingsaksje op te setten foar dupearre Grinslanners.

Yn Grinslân komme wy der net mei 48.000 euro foar al dy skea; dat snap ik ek wol. Dêrfoar moat it hûndert- miskien wol tûzenfâldige komme. Mar wat my stekt, is dat wy ús wol soargen meitsje en de beurs lûke foar in ko, mar net foar ús buorlju. Bryk, want wy hawwe de Grinslanners de ôfrûne fyftich jier oars folle mear útmolken as Hermien."

(advertinsje)