Fryske dielnimmers oan de Spelen: Daan Breeuwsma

05 feb 2018 - 06:22

Oer in wike is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack yn Gangneung. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?​

Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. No it oardiel oer Daan Breeuwsma.

Namme:                                     Daan Breeuwsma

Wenplak:                                    Akkrum (komt fan Aldeboarn)

Bertedei:                                    29-12-1987

Sport:                                         shorttrack

Ofstannen:                                 500 meter, 1000 meter en de ôflossing

Olympyske resultaten:               Sotsji 2014 - 4e op de ôflossing

De kânsen fan Daan Breeuwsma neffens sportredakteur Roelof de Vries: ​

"Breeuwsma is gjin medaljekandidaat op de yndividuele ôfstannen. Hy hat troch in goed Nederlânsk kampioenskip twa yndividuele plakken ôftwongen. Gewoanwei leit de 500 meter him it bêste. Yn it wrâldbekerklassemint waard hy 32e op de 500 meter en 35e op de 1000 meter. Breeuwsma is in hiele belangrike faktor by de ôflossingsploech. Hy waard al twa kear wrâldkampioen mei de ploech en is miskien ek wol wrâldkampioen gatsjes tichtriden. Boppedat moat hy mei syn lêste triuw Sjinkie lansearje, wêrnei't Sjinkie it ôfmeitsje kin. Kânsen op in medalje binne der absolút. Der binne lykwols fiif lannen dy't ta de favoriten hearre: Sina, Kanada, Hongarije en Nederlân. Der is mar ien lân de grutste favoryt en dat is Súd-Koreä."

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.​

(advertinsje)