Hurde wyn spulbrekker by 'swiere' Winterfytsalvestêdetocht

04 feb 2018 - 22:36

De hurde noardeastewyn wie snein de grutste spulbrekker by de Winterfytsalvestêdetocht. Neffens de measte dielnimmers wie de tocht swier mar wol goed te dwaan. De sawat 100 kilometer yn de wyn op waard sa'n 75 minsken te folle.

In lytse1000 entûsjastelingen stapten sneintemoarn yn Ljouwert op de fyts foar de tocht. En dat wiene der goed fjouwerhûndertminder as harren ynskreaun hiene. De grutste bikkels wiene de 734 minsken dy't de folsleine tocht rieden, wylst 207 dielnimmers derfoar keazen om allinnich it ûnderste rûntsje te fytsen. Uteinlik kamen der sa'n 680 dielnimmers fan de grutte tocht oer de finish by de Elfstedenhal yn Ljouwert. It lytse rûntsje hie mar tsien útfallers. Yn de Elfstedenhal wie oan 'e ein fan 'e dei foar de leafhawwers in gesellich feest organisearre mei muzyk en iten en drinken. De lêste dielnimmer kaam tsjin 22.30 oere oer de finish.

Twa jier lyn waard de tocht fanwegen de doe ynfallende kjeld stillein. Dat wie snein net nedich. De measte dielnimmers wiene ek goed op de kjeld klaaid.

(advertinsje)