Fryske dielnimmers oan de Spelen: Dennis Visser

© Martin de Jong
Nije wike is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack yn Gangneung. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?
Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. No it oardiel oer de kânsen fan Dennis Visser:
Namme: Dennis Visser
Wenplak: It Hearrenfean (komt fan De Lemmer)
Bertedei: 03-04-1995
Sport: shorttrack
Ofstannen: ôflossing
Olympyske resultaten: Dennis makket syn debút
De kânsen fan Dennis Visser neffens sportferslachjouwer Roelof de Vries:
Dennis rydt gjin yndividuele ôfstân en it is ek noch mar de fraach oft hy by de ôflossing meidwaan sil. Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat binne wol wis, mar it fjirde en lêste plak giet tusken Dennis en Dylan Hoogerwerf. By it lêste EK gong it yn de heale finale hast mis mei Hoogerwerf, wêrnei't Dennis yn de finale syn plak oernaam en Nederlân Europeesk kampioen waard. De kânsen foar him binne dus wol tanaam, mar bûnscoach Jeroen Otter sil pas op it allerlêste momint in beslissing nimme wa't ride sil. Dit om alle shorttrackers skerp te hâlden. It kin ek noch dat Dennis wol de heale finale meidocht en yn de finale net. Of oarsom.
Hy waard al in kear wrâldkampioen mei de ploech. Kânsen op in medalje binne der absolút. Der binne lykwols fiif lannen dy't ta de favoriten hearre: Sina, Kanada, Hongarije en Nederlân. Der is mar ien lân de grutste favoryt en dat is Súd-Koreä.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.