Dronken man fan it spoar helle by Grou

04 feb 2018 - 18:56

De plysje Ljouwert krige sneintemoarn betiid te meitsjen mei in nuver foarfal. In dronken man, dy't net prate koe, waard fan it spoar helle by stasjon Grou troch in treinmasinist. De bûtenlânske man wie slim ûnder ynfloed fan drank en wie tusken it perron en de trein bedarre. Hy hie krukken by him om't er ferwûne wie oan syn ankel.

De plysje hat regele dat de man nei syn ferbliuwplak yn Ljouwert brocht waard troch in taksy. Dêr is de man nei syn sliepplak op de tredde ferdjipping brocht yn ferbân mei syn ankelblessuere.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert Grou
(advertinsje)