LDODK set KZ yn de twadde helte oan de kant

© Twitterpagina LDODK
LDODK hat sneintemiddei yn de kuorbal league gjin misstap makke tsjin KZ Hiltex út Koog aan de Zaan. De kuorballers fan De Gordyk, de nûmer fjouwer fan de league, wiene mei 30-24 te sterk foar KZ, dat sânde stiet. By rêst giene beide klups noch lykop mei in stân fan 10-10. Dy earste helte wie fan de thúsploech net goed. It skot wie der net. Hoe oars wie dat yn de twadde helte. Doe slagge it ynienen wol en waard KZ mei dúdlike sifers oan 'e kant skood.