IIshockeyers UNIS Flyers ferlieze bekerfinale fan Den Haag

04 feb 2018 - 17:24

UNIS Flyers hat de finale om de nasjonale beker net winne kinnen. De iishockeyers fan It Hearrenfean giene sneintemiddei yn Den Haag mei grutte sifers ûnderút tsjin Hijs Den Haag: 7-3. De perioadestannen wiene 1-1, 5-0 en 1-2.

De Flyers begûnen noch goed oan de wedstriid en kamen rap op 1-0 troch in goal fan Tony Demelinne. Den Haag fierde de druk dêrnei flink op en de 1-1 hinge yn de loft. Joey Oosterveld makke nei tsien minuten dan ek de fertsjinne 1-1.

Yn de dramatyske twadde perioade gie it folslein mis foar de Flyers. Raymond van der Schuit en Alan van Bentem setten Den Haag binnen inkelde minuten op 3-1. It duel waard geandewei rûger en Den Haag krige fiif minuten powerplay, nei't Kevin Nijland in foarse oertrêding makke op Oliver Petaky. Dêrnei gie it rap foar de thúsklup, dy't troch de straf fan de Flyers mei in man mear spylje mocht. Alan en Stace van Bentem setten Den Haag yn de powerplay op 5-1 en Bas Britstra soarge sels foar de riante 6-1 foarsprong.

De Flyers koene dy grutte efterstân yn de tredde perioade net mear goedmeitsje. Demelinne en Pippo Limnell diene noch wat werom foar de Flyers, mar úteinlik wie it Den Haag dat mei 7-3 wûn en mei de nasjonale beker oan 'e haal gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)