Sân ekstra foarstellingen fan De Stormruiter

04 feb 2018 - 17:04

Foar it muzykteäterspektakel De Stormruiter komme ekstra kaarten beskikber. De organisearjende Stichting Faderpaard hat besletten om sân ekstra foarstellingen te jaan. De fyftjin earder plande foarstellingen binne al útferkocht. De kaartferkeap set moandeitemoarn om 11.00 oere útein en de kaarten binne inkeld online te bestellen op www.destormruiter.nl. De ekstra foarstellingen binne op 19, 23 en 30 septimber en op 4, 5, 6 en 7 oktober.

De Stormruiter is ien fan de grutste produksjes fan Ljouwert-Fryslân 2018. Mei de ekstra foarstellingen komt it totaal oantal kaarten no út op 100.000.

It stik giet oer de striid tsjin it wetter en it ûntstean fan it Frysk hynsteras. De cast bestiet njonken in tal bekende akteurs ek út hûndert Fryske hynders. Jos Thie docht de regy.

Trefwurden: 
LF2018 De Stormruiter
(advertinsje)