Ferlies foar Snits Wyt Swart, lykspul VV Hearrenfean

04 feb 2018 - 15:57

Yn de Haadklasse A hat Snits Wyt Swart sneintemiddei thús kânsleas ferlern fan SDO út Bussum. It waard 4-0 foar SDO. Dy klup kaam krekt foar rêst op 1-0 troch in goal fan Van Latum. Direkt nei rêst waard dy skoare ferdûbele troch in doelpunt fan Visser. Opnij Van Latum tekene foar de 3-0 en Van der Velden sette de 4-0 einstân foar SDO op it skoareboerd.

VV Hearrenfean spile sneintemiddei mei 2-2 gelyk by SJC út Noordwijk. Marvin Sloos makke nei acht minuten de 1-0 en Tom Broekhuizen de 2-0, in kertier foar it skoft. Yn de twadde helte kaam VV Hearrenfean werom oant 2-2. SJC einige it duel mei njoggen man.

(advertinsje)