"Basisynkommen kin Fryske jongeren perspektyf biede"

04 feb 2018 - 15:37

"In basisynkommen foar elkenien soe yn de takomst wolris de oplossing wêze kinne om jongeren ek yn Fryslân takomst te bieden", dat fynt Brigitta Scheepsma, litslûkker foar GrienLinks yn Tytsjerksteradiel. Dizze wike kamen fan it Fries Sociaal Planburo (FSP) alarmearjende berjochten oer it takomstperspektyf fan jongerein yn de eigen provinsje. Dat perspektyf ûntbrekt sels feitlik foar jongeren mei in MBO-oplieding op nivo 1 en 2, om't dêr kwealik noch wurk foar wêze sil, foarseit it FSP.

De problematyk waard oansnien yn it programma Buro de Vries, wêryn't Scheepsma in basisynkommen neamde as oplossing op termyn. Otto van der Galiën fan Lijst 058 yn Ljouwert, mar ek staazjekoördinator by ROC Friese Poort, wie ek somber en wiist it idee fan in basisynkommen net direkt fan de hân.

(advertinsje)