'Smookfrij' sportkompleks nominearre foar nasjonale priis

04 feb 2018 - 14:32

Fuotbalklup SC Bolsward is nominearre foar de Rookvrije Generatie Awards 2018, yn de kategory sportferienings. It giet om in inisjatyf fan de Hartstichting, KWF Kankerbestrijding en it Longfonds. SC Bolsward is nominearre omdat it bestjoer it smookbeleid oanskerpe hat, mei as doel it sportcomplex úteinlik folslein smookfrij te meitsjen.

SC Bolsward jout foarljochting oer de gefaren fan smoken en biedt anti-smookkursussen oan oan de leden fan de klup. Oant en mei 28 febrewaris kinne minsken online stimme op ien fan de inisjativen.

(advertinsje)