Brânwacht nei parkeargaraazje om luie autorútskrabber

04 feb 2018 - 13:45

De brânwacht fan Ljouwert is sneintemiddei mei grut materieel útriden fanwege reekûntwikkeling yn de parkeargaraazje ûnder de Aldehou. Neffens de earste melding soe der in auto yn de brân stien ha.  De brânwacht is der mei fjouwer auto's hinne flein. Doe't se de parkeargaraazje goed en wol ûntromme hienen, die bliken dat der wat oars oan de hân wie.

De reek kaam út in auto mei in saneamde stânkachel der yn. Sa'n kachel waarmet winterdeis de auto op foardat de bestjoerder der is. Dat skeelt autorútskrabjen.

(advertinsje)