Wagenborg hâldt fearboaten oan de wâl fanwege leech wetter

Fanwege de lege wetterstân op de Waadsee komme snein en moandei meardere ôffearten fan en nei It Amelân te ferfallen. It is foar de fearboat dreech om de havens fan Nes en Holwert te berikken, meldt rederij Wagenborg. Sneintejûn giet de boat fan 19:00 oere net nei Holwert, en de boat fan 20:00 oere net nei it Amelân.
Moandeitemoarn ferfalle de ôffearten fan 06:30 fanôf It Amelân, en fan 07:30 fanôf Holwert, en de ôffearten fan 19:00 oere fanôf It Amelân en fan 20:00 oere fanôf Holwert geane moandeitejûn net troch.
Al jierren in probleem
De djipte - of it gemis dêroan - fan de fargeul tusken Holwert en It Amelân soarget al jierren foar problemen. De geul is in lytse 12 kilometer lang, mei bochten, en rint stadichoan fol mei sân en grint. De geul leit op in wantij. Dat is in gebiet ûnder in waadeilân dêr't it op- en delgeande wetter it lêste komt, en it earste wer fuortgiet.
Grutte gefolgen
Boargemaster De Hoop fan it Amelân makket him soargen oer de fertraging. "Zolang er niets gebeurt, zijn er grote gevolgen voor de mensen die op het eiland wonen", sei er foarich jier tsjin de NOS.
"Zo zijn er mensen die na hun werk op het 'vaste land' niet meer thuis kunnen komen of moeten dat doen met flinke vertraging. Of als iemand voor een chemokuur naar de overkant moet, dan is het heel erg als de veerdienst vertraging heeft."
Alle jierren komme der mear as in miljoen passazjiers mei de fearboat nei It Amelân. Om de geul befarber te hâlden, is Rykswettersteat seis dagen yn de wike oan it baggerjen, 10 oeren deis.
Skylge
De lege wetterstân hat ek gefolgen foar de feartsjinst nei Skylge. Dat meldt rederij Doeksen. De boat dy't moandeitemoarn om 07:00 oere fanút Harns fuortfarre soe, set fanwege de eastewyn en it lege wetter in oere earder ôf. Om 06:00 oere dus.