Bûtendykse hynders krije kilometers oan nije wetterlieding

04 feb 2018 - 11:51

Natoerorganisaasje It Fryske Gea fernijt de kommende tiid kilometers oan wetterliedingen yn de bûtendykse kwelders en polders by Hallum. De hjoeddeiske liedingen binne slim ferâldere. Se binne oanlein nei de Twadde Wrâldoarloch. Kij en hynders kinne bûtendyks net út de sleatten drinke, want dêr sit brak wetter yn.

De bisten krije ek 55 nije drinkbakken. De oanlis dêrfan kin kombinearre wurde mei it projekt Vijfhuizen, "Fan swiet nei sâlt wetter". Troch in nije slink mei in stadige oergong fan swiet nei sâlt wetter feroaret it bûtendykse lân.

Foar de feiligens fan it fee binne de flechtrûtes ek oanpast, sadat de bisten by heech wetter makliker fan it lân helle wurde kinne. It wurk oan de wetterlieding en de wetterbakken begjint dizze moanne en is 15 maart ôfrûn.

Trefwurden: 
hynders bûtendyks Hallum
(advertinsje)