Fryske dielnimmers oan de Spelen: Rianne de Vries

04 feb 2018 - 10:21

Oer in wike is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack yn Gangneung. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?

Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. No it oardiel oer de kânsen fan Rianne de Vries:

Namme: Rianne de Vries

Wenplak: Akkrum

Bertedei: 14-12-1990

Sport: shorttrack

Ofstannen: ôflossing

Olympyske resultaten: Rianne kaam yn Sotsji net yn aksje, se wie reserve

De kânsen fan Rianne de Vries neffens sportferslachjouwer Roelof de Vries:

Rianne is bang foar it Sotsji-senario. Doe mocht se wol mei nei de Spelen, mar kaam se net ien kear yn aksje. Doe wie dat spitich, no soe dat sêft útdrukt wol hiel ferfelend wêze. Dochs mei se al grutsk wêze op it heljen fan de Spelen. Yn de simmer bruts se nammentlik har ankel. De dokters neame har in wûnder. Dat se al sa gau wer op it iis stean soe, hiene se net tocht.

Ferline jier belibbe Rianne har trochbraak mei de Europeeske titel op de 500 meter en wie se in fêste wearde yn de ôflossingsploech. Suzanne Schulting is wol wis fan in plak yn dat team en Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof lykje dat ek. It fjirde en lêste plak giet tusken Jorien ter Mors en Rianne. Op it lêste EK mocht Ter Mors ride. Kin Rianne de lêste wiken har foarm weromfine en sjen litte dat se rap is, dan stiet se derby.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)