Flylân sloopt soarchsintrum; wêr moat de âlderein no hinne?

04 feb 2018 - 08:50

Ien- en twa-persoanswenningen dy't op Flylân frij komme, wurde mei foarrang oanbean oan de hierders fan de oanleunwenten fan soarchsintrum De Uiterton op it eilân. Dat wurdt sloopt. De hierders meie sels sizze oft se permanint yn har nije hûs wenje wolle, of oant it momint dat it nije soarchsintrum klear is.

Meikoarten wurdt begûn mei de sloop fan De Uiterton. It sintrum is ferâldere en dêrom moat der nijbou komme. De gemeente en de wenningkorporaasje wolle foarkomme dat de bewenners te folle belêste wurde mei it ferhúzjen. Dêrom meie se no as earste yn wenningen dy't frij komme op Flylân. As se dat net wolle, sil de gemeente se in kontenerwenning oanbiede. 

(advertinsje)