Ien op de trije alvestêdefytsers hâldt foar de start al op

04 feb 2018 - 07:42

Ien op de trije dielnimmers fan de fytsalvestêdetocht is sneintemoarn net fan start gien. Der wiene 1400 oanmeldingen, mar der binne mar 950 minsken start. Dat meldt de organisaasje. It is net dúdlik wêrom't safolle minsken net meidogge. Faaks hat it te krijen mei it kâlde waar. It KNMI hie sneintemoarn koade giel ôfkundige. 

De organisaasje fan de winterfytsalvestêdetocht hat de rûte oanpast fanwege mooglike glêdens. Twa fytspaden binne der út helle. It giet om it Swettepaad tusken Ljouwert en Snits, en om it fytspaad neist de Dokkumer Ie, tusken Bartlehiem en Dokkum. Dielnimmers wurde mei felgiele buordsjes op de nije rûte wiisd. Dy falle wol op, meldt de organisaasje.

Koade giel

Om sân oere moarns binne de earste fytsers fan start gien. Temperatueren leinen doe om it friespunt hinne. It KNMI hat in waarwarskôging ôfjûn. Wiete parten fan de dyk kinne opfrieze, en dêrtroch kin it lokaal glêd glêd wurde, meldt it waarynstitút. Koade giel jildt oant 10 oere sneintemoarn. 

De dielnimmers moatte har goed oanklaaie, seit de organisaasje. By de edysje fan twa jier lyn wie it sels sa kâld, dat de tocht healweis stillein is. Doe hiene in soad dielnimmers har fersjoen op de temperatuer. Dy lei krekt boppe it friespunt, mar de gefoelstemperatuer lei soms wol tsien graden leger. 

Winterfytsalvestêdetocht

De winterfytsalvestêdetocht moat neffens de stichting Friesland Beweegt en it fytsersbûn minsken stimulearje om faker de fyts te pakken, net allinne yn de simmer, mar ek winterdeis.

Njonken de alvestêdetocht fan goed 200 kilometer, dy't begûn by de Elfstedenhal yn Ljouwert, wurdt der út poppoadium Het Bolwerk yn Snits wei ek in koarte ferzje fan de winterfytstocht riden. Dy rûte giet troch Súdwest-Fryslân en is 90 kilometer lang.

(advertinsje)