Jurgen Streppel: "Blij met de start van dit jaar"

03 feb 2018 - 22:33

"Deze wedstrijd was bij vlagen heel erg goed. Vooral in de eerste helft haalden we een hoog niveau", dat seit trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean sneontejûn nei ôfrin fan de 1-0 oerwinning op FC Twente. "Ook hebben we kansen gecreëerd en dat is tegen het Twente van Gertjan Verbeek best knap."

Hearrenfean hat no sân punten út de lêste trije duels behelle en hat dit kalinderjier noch net ferlern yn de earedifyzje. Fan in 'flow' wol Streppel noch neat witte, mar sjocht syn ploech it wol in oantal wedstriden efterinoar goed dwaan: "We zijn blij met de start dit jaar." Hy is dan ek posityf, mar bliuwt ek hoeden: "Dinsdag spelen we alweer een wedstrijd tegen PEC Zwolle, de verrassing van dit seizoen. Dus laten we met de benen op de grond blijven en weer stabiel worden." Streppel hat nocht oan dy wedstriid tsjin PEC en wol revâns foar de thúsnederlaach fan earder dit seizoen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)