Follybalsters VC Snits behelje benaude oerwinning op Alterno

03 feb 2018 - 22:01

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn yn in oantreklike wedstriid in oerwinning behelle op Alterno út Apeldoorn. De nûmer twa fan de earedifyzje wûn mei 3-2, nei de setstannen 25-19, 26-24, 21-25, 23-25 en 15-7.

Yn de iepeningsset giene beide ploegen lykop oant 12-12, dêrnei naam Snits ôfstân en wûn mei 25-19. Ek yn de twadde set naam Snits al gau in foarsprong. Alterno kaam werom, mar nei in spannende slotfaze helle Snits de set dochs binnen mei 26-24.

Yn de tredde set rûn Snits hieltyd achter de feiten oan en ferlear mei 25-21. Ek yn de fjirde set naam Alterno al betiid in foarsprong. Snits makke yn de slotfaze in enoarme come-back, mar de set gie dochs nei Alterno yn 25-23. Yn de fiifde en lêste set wie it Snits dat betiid op foarsprong kaam en dy útboude. Dizze golden set waard úteinlik wûn mei 15-7.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(advertinsje)