Aris kin krekt net stunte tsjin Den Bosch

03 feb 2018 - 21:53

Nettsjinsteande in come-back yn de twadde helte, hawwe de basketballers fan Aris sneontejûn ferlern by Den Bosch. It waard 90-79 foar de thúsploech, nei de kwartstannen 22-14, 43-32, 67-62 en 90-79.

Aris kaam yn it earste kwart fuort efter mei 22-14 en Den Bosch behâlde dy marzje ek yn it twadde kwart, sadat der mei in 43-32 stân skoft hâlden waard. Yn it tredde kwart kaam Aris sterk werom oant 67-62 en 81-77, mar koe yn de slotfaze krekt net stunte tsjin Den Bosch, dat de wedstriid úteinlik mei 90-79 wûn. Emile Blackman wie by Aris goed foar 32 punten.

Trefwurden: 
basketbal Aris
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)