Lytse oerwinning SC Hearrenfean op FC Twente

03 feb 2018 - 20:20
  • Jurgen Streppel
  • Daniel Hoegh
  • Gertjan Verbeek fan FC Twente

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn wûn fan FC Twente. De ploech fan trainer Jurgen Streppel wie yn it eigen Abe Lenstra Stadion mei 1-0 te sterk foar de Tukkers, dy't ûnder lieding stean fan Gertjan Verbeek. It iennige doelpunt fan de wedstriid waard makke troch Daniel Høegh.

De ploegen wiene yn de iepeningsfaze oan elkoar weage, mei mear balbesit foar de Feansters. Sawol Hearrenfean as Twente krige it earste healoere in tal lytse kânsen. De earste echte grutte kâns wie nei in healoere foar Arber Zeneli. De oanfaller krige de bal fan Yuki Kobayashi en helle hurd út. Twente-doelman Joel Drommel rêde troch de bal oer it doel te tikjen.

Healweis de twadde helte makke ferdigener Daniel Høegh de befrijende iepeningstreffer foar Hearrenfean. Nei in frije traap fan Zeneli, kopte Høegh de bal yn it Twente-doel. Zeneli hie dêrnei sels in enoarme kâns om de 2-0 te skoaren, mar miste nei opnij in goede rêding fan keeper Drommel. Ek Ødegaard krige in kâns, mar wer wie it Drommel dy't yn it paad stie. De Feansters kamen yn de slotfaze net mear echt yn de problemen en hâlden opnij de trije punten op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)