Iepeningswykein Lân fan taal lûkt soad besikers

03 feb 2018 - 19:06

It earste wykein fan it evenemint Lân fan taal hat in soad besikers lutsen. Op de spektakulêre iepening mei fideoprojeksjes op de Aldehou, freedtejûn, kamen sa'n 5.000 minsken ôf. En ek sneon wie it wer drok by Tresoar, dêr't de ôftraap wie fan in jier yn it teken fan de Fryske kultuer, literatuer en skiednis.

Fleanende start

"In fleanende start dy't Fryslân en de Fryske literatuer nei in oar nivo tilt", fynt Bert Looper, direkteur fan it Frysk Histoaryks en Letterkundich Sintrum, Tresoar. "Dit moatte we fêsthâlde", seit hy.

Dichtwurk op masines

Ferskate dichters hawwe sneon harren wurk foarlêzen dat ek oanbrocht is op in pear grutte rûndraaiende masines. Ien fan de dichters, Elmar Kuiper, fynt suver dat de masine wat ôfbrek docht oan syn wurk, omdat it lêzen fan de tekst sa in stik dreger wurdt en dus de ynhâld minder oer komt.

Histoarysk reisburo

Grutte Pier, yn de persoan fan Hilbert Dijkstra, fersoarge de iepening fan it histoarysk reisburo. By dit reisburo kinne minsken útsykje wa't harren foarâlden binne om sa op reis te gean nei de plakken dêr't se wei komme.

Fryske topstikken

En dan wie der ek noch de start fan de tentoanstelling 'Topstikken' yn de kelder fan Tresoar. Dêr binne allegear skatten te sjen dy't normaal yn opslach lizze. Stikken út de Fryske skiednis sa as hânskreaune boeken en gravueren fan muontsen, de ynskriuwing fan it houlik fan Rembrandt van Rijn mei Saskia van Uylenburgh en it dokumint wêrmei't de Roomske keizer Sigismund yn 1417 de Fryske frijheid besegele.

It earste festivalwykein fan Lân fan taal is fergees en rint noch oant en mei snein.

(advertinsje)