Fryske dielnimmers oan de Spelen: Itzhak de Laat

© Martin de Jong
Oer in wike is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack yn Gangneung. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?
Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. Earder hienen we al it oardiel fan Koos Wieling oer Sven Kramer en Bob de Vries en Roelof de Vries oer Suzanne Schulting. No it oardiel oer de kânsen fan Itzhak de Laat:
Namme: Itzhak de Laat
Wenplak: Aldskoat (komt fan Ljouwert)
Bertedei: 13-06-1994
Sport: shorttrack
Ofstannen: 1000 meter, 1500 meter en ôflossing
Olympyske resultaten: Ithzak makket syn debút op de Spelen
De kânsen fan Itzhak de Laat neffens sportferslachjouwer Roelof de Vries:
Ithzak de Laat heart net by de favoriten op de yndividuele ôfstannen, mar soe stiekem wol in heale finale helje kinne. En as hy dy hellet, kinne je mei wat gelok ek in finale helje. Itzhak helle op de 1500 meter al trije kear in B-finale by de wrâldbekers, wat oanjout dat hy der tichtby sit. De Laat is lyts en hat in goede ynhelaksje. Dêrmei is hy in spektakulêre shorttracker om nei te sjen. Mei de ôflossingsploech is hy njonken Sjinkie en Daan in fêste wearde yn de ploech. Hy waard al in kear wrâldkampioen mei de ploech. Kânsen op in medalje binne der absolút. Der binne lykwols fiif lânnen dy't ta de favoriten hearre: Sina, Kanada, Hongarije en Nederlân. Der is mar ien lân de grutste favoryt en dat is Súd-Koreä.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.