ONS Snits ûnderút yn Almere

03 feb 2018 - 17:04

ONS Snits hat sneontemiddei de útwedstriid yn de tredde difyzje by Jong Almere City ferlern. It waard 4-2 foar de thúsploech.

Yn de libbene earste helte kaam ONS nei goed tsien minuten spyljen noch op foarsprong troch in poeier fan Ale de Boer, nei in frije traap fan Samir Merraki. Inkelde minuten letter wie de stân wer yn lykwicht troch in goal fan Nicky van Hilten. Jong Almere naam dêrnei it inisjatyf oer op it fjild en kreëarre in tal kânsen. Ien fan dy kânsen gie der yn troch opnij Van Hilten, sadat de ploegen mei in 2-1 foarsprong foar Jong Almere de klaaikeamer opsochten.

ONS begûn goed oan de twadde helte en Merraki sette de Snitsers op 2-2 mei in prachtige goal. Dochs wie it Jong Almere dat mei de winst oan de haal gie troch twa lette doelpunten fan Khalid Tadmine.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Snits
(advertinsje)