Harkemase Boys ferliest by Jong Volendam

Tredde difyzjonist Harkemase Boys is sneontemiddei ûnderút gien yn it duel mei Jong Volendam. Op besite yn Volendam waard de ploech fan trainer Henk Herder mei 1-0 ferslein.
De partij kaam traach op gong en beide ploegen krigen yn de earste helte kwealik kânsen. De earste mooglikheid wie nei in healoere foar Jong Volendam, doe't Gani Meholli úthelle. Keeper Erick Jansema koe de 1-0 lykwols foarkomme.
Yn de twadde helte krige Harkemase Boys de earste grutte kâns. Berwout Beimers betsjinne Pier Veldman, mar dy kopte de bal krekt njonken it doel fan Jong Volendam. De goal foel wol oan de oare kant. Ut in korner yn de 70e minút kopte Jordy Hilterman de bal yn it Harkema-doel: 1-0. De Harkiten giene dêrnei op syk nei de lykmakker en Ezra Schrijver wie dêr yn de slotfaze twa kear tichtby, mar syn skotten misten it doel op in hier nei, wêrtroch't de Harkiten mei lege hannen wer nei Fryslân moasten.