Ek al is it kâld: de winterfytsalvestêdetocht giet troch

03 feb 2018 - 13:36

De winterfytsalvestêdetocht giet snein gewoan troch. Dat hat de organisaasje witte litten. It kin wol 'in barre tocht' wurde no't it frij kâld oanfielt, mar de minsken moatte har goed oanklaaie, seit de organisaasje. Mei elkoar ha 1.400 fytsers harren opjûn foar de tocht by de Fryske alve stêden del. Mei de tocht wolle de stichting Friesland Beweegt en it fytsersbûn it gebrûk fan de fyts stimulearje, net allinne yn de simmer, mar ek yn de winter.

Snein is om 7.00 oere de start by de Elfstedenhal yn Ljouwert. Njonken de tocht fan goed 200 kilometer wurdt der út Poppoadium Het Bolwerk yn Snits wei ek in koarte ferzje fan de alvestêdetocht fytst. De rûte giet troch Súdwest-Fryslân en is 90 kilometer lang.

(advertinsje)