Trije Fryske skoallen yn Lego League finale

Yn it Friesland College yn Ljouwert is sneon de First Lego League finale, dêr't sa'n 500 bern út de Benelux komme. Foar Fryslân hawwe trije teams har pleatst, in team fan CSG Comenius út Ljouwert, ien fan CSG Bogerman út Snits en in team fan it Linde College út Wolvegea. In sjuery beoardielet de bouwurken op fjouwer ûnderdielen, lykas presintaasje en programmearring. De learlingen út de tredde klasse ha ûndersyk dien en in útfining betocht. Dat moast oer it tema fan dit jier gean, wetter.
Sa betocht team Nexar, fan CSG Bogerman in útfining mei in dûs dy't gebrûk makket fan ynfraread-waarmte. It Nexar-team fan CSG Bogerman hat yn alle gefallen in oanmoedigingspriis wûn, sa liet de sjuery yn de rin fan de dei witte.
FIRST World Festival
De bêste teams meie har melde foar it folgjende evenemint it FIRST World Festival op 25 april yn it Amearikaanske Detroit. De legoblokjes fan eartiids binne feroare yn apparaten dy't funksjonearje as robot mei in soad technyske handichheidsjes. Doel fan it evenemint is dat bern mei-inoar ûntdekke dat 'ontdekken belangrijker is dan winnen'. Wrâldwiid dogge der 300.000 bern mei tusken de 9 en 15 jier út mear as tachtich ferskate lannen.
Pretty Smart
De winst gie úteinlik nei it team Pretty Smart út Noordhorn (Grinslân), in team dat bestiet út inkeld famkes. Se hawwe in Fryske coach, Mariëlle Hoexum út Droegeham. De twadde priis wie foar CSG Bogerman út Snits