UPDATE: Fermiste man is teplak

03 feb 2018 - 13:00

De plysje yn Fryslân freget Friezen út te sjen nei in fermiste man út Utrecht. Dy soe mei syn auto mooglik ûnderweis wêze nei it Noarden ta. Ek de plysje yn Grinslân hat in oprop pleatst. De 40-jierrige man is sûnt freed fermist en rydt yn in wite Opel Vivaro mei kenteken VV-533-F mei in rôze opdruk. De famylje makket him soargen oer de sûnens fan de man. As minsken de man of de auto sjogge, kinne se 112 belje.

UPDATE: De plysje fan Utrecht liet om twa oere hinne witte dat de fermiste man oantroffen is.

Trefwurden: 
plysje fermist
(advertinsje)