Langer gaswinning East-Amelân
De NAM wol noch oant 2035 trochgean mei de winning fan gas op de eastkant fan It Amelân. Eins soe dêr yn 2018 ophâlden wurde mei gaswinning, mar it bedriuw tsjinnet in nije fergunningoanfraach yn. Woansdei waard in ynformaasjejûn foar de eilanners hâlden. Yn de rinnende fergunning wurdt rekken hâlden mei in grûndelgong fan 32 sintimeter. Yn de nije fergunning soe dêr noch seis bykomme.
Tsjinstanners fan de gaswinning binne teloarsteld dat de boartuorren langer stean bliuwe. Se sille beswier meitsje.