Stichting Rijk voor Arm iepenet eigen gebou

De Stichting Rijk voor Arm út Ljouwert hat tenei in eigen gebou op it Soldatedykje, njonken bowlingsintrum Grote Keizer. De stichting waard fiif jier lyn oprjochte om bern út earmere hûshâldingen in moaie jierdei mei kado's te besoargjen. En dat dogge se net allinnich yn Ljouwert, mar yn hiel Fryslân. Alle jierren meitsje se sa'n 350 oant 400 bern yn it jier bliid.
Simon de Jong, oprjochter, is wiis mei it gebou. "Dit is precies wat we nodig hadden." Hy hat de stichting yn it libben roppen om't er hearde dat guon bern har siik melden op har jierdei om't der gjin jild wie om te traktearjen op skoalle. "Elk kind moet zijn verjaardag kunnen vieren. We geven een doos met daarin alles wat nodig, van een cadeau, tot aan versiering en tractaties." It giet om bern tusken 4 en 12 jier. Nij is dat bern ek in feestje hâlde kinne yn it gebou fan de stichting. "We werken met verschillende thema's." De stichting krijt gjin subsydzje, mar hat wol in soad stipers en sponsors.
De offisjele iepening fan it eigen gebou stiet pland foar juny. Sneon hâlde se iepen dei fan 12.00 oant 16.00 oere. Yn it gebou is in ûntfangstromte en in opslach mei allerhanne guod foar in jierdeifeestje.